Friezen helje Berlynske muorre

13 aug 2014 - 16:08
  • Maarten en Sara Plet fan Aldeouwer op wei nei Dútslân
  • Maarten en Sara Plet wurde útswaaid troch freonen en buorlju

It skûtsje fan Maarten en Sara Plet fan Aldeouwer is woansdei begûn oan de lange reis nei Berlyn. Op de hinnereis nimt it skûtsjepear dong mei nei Dútslân en op de weromreis gean der stikken fan de Berlynske mourre, dy't yn 1989 trochbrutsen waard, mei werom. En sa bedarret der in stikje wrâldskiednis yn Nederlân. Mooglik is der al in stik muorre te sjen by de kommende strontrace yn Warkum.

In hiel soad lannen hawwe al in stik fan de Berlynske muorre, mar Nederlân noch net. De famylje Plet hat tastimming krigen om fiif stikken te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)