Friezen hawwe mear betrouwen yn minsken en ynstânsjes

05 des 2014 - 15:01
  • Underweis yn Fryslân

Ynwenners fan Fryslân hawwe dúdlik mear betrouwen yn minsken en offisjele ynstânsjes as plysje, rjochters en leger as ynwenners fan oare provinsjes. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek nei sosjale gearhing en wolwêzen. Neffens de ûndersikers hawwe Friezen mear betrouwen en binne Grinslanners en Flevolanners erchtinkender.

Friezen ha in soad kontakt mei de buorlju en dogge sels it measte oan frijwilligerswurk. Ien en oar draacht ek by oan it geloksgefoel: 90 % fan de Friezen seit 'lokkich' te wêzen.

As it giet om it persintaazje lokkige minsken skoare allinnich Drinte en Seelân noch justjes heger as Fryslân. Flevolân en Limboarch skoare hjir in stik leger. It CBS is der noch net krekt oer út wat de ferklearring is foar dy ferskillen. It ynstitút wol hjir noch ferfolchstúdzjes nei dwaan en dan de ynfloed fan it leauwen deryn belûke.

Besjoch hjir it rapport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)