Friezen hakke iis yn Sina

31 des 2008 - 10:12
  • De beide iiskeunstners

Twa Friezen dogge mei oan it grutste iisskulptuere-evenemint fan de wrâld yn it Sineeske Harbin. Hans de Zwaan en Rolf Döderlein de Win binne de earste Nederlanners dy't hjiroan meidwaan meie. Se krije de eare, omdat se al ferskate wedstriden op dit mêd wûn ha.

Der dogge 58 minsken mei oan it byldefestyn yn Sina, fan 2 oant en mei 10 jannewaris. Dy komme ûnder oare út Sina, Ruslân, Japan en dus ek út Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)