Friezen goed yn Olympia's Tour

12 maaie 2007 - 21:04

Hurdfytser Germ van der Burg fan Nijlân is sneontejûn tredde wurden yn de prolooch fan Olympia's Tour. De winst nei 6,4 kilometer yn Varsseveld wie foar Lars Boom fan de Rabobank, syn ploechmaat Martijn Maaskant ward twadde. It ferskil tusken Boom en Van der Burg wie 13 sekonden.

De oare Friezen diene it ek geweldich. Lieuwe Westra waard fjirde en Eelke van der Wal sechsde. Olympia's Tour einiget op snein 20 maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)