Friezen garje 56.000 euro oan produkten foar Voedselbank

16 des 2015 - 19:48
  • Beppe mei bernsbern en buorfrou mei dochter bringe 30 doazen mei guod foar Voedselbank

De Voedselbankaksje fan Omrop Fryslân hat op de tsiende aksjedei al foar goed 56.000 euro oan iten en oar guod ophelle. Yn it gebou fan de omrop binne sa'n 35.000 produkten ynlevere.

Yn de hiele provinsje binne minsken warber foar de Voedselbankaksje by Omrop Fryslân. Fuotballers en supporters fan SC Cambuur hawwe woansdei produkten sammele. As ekstraatsje joegen se ek in pear sinjearre Cambuurgadgets fuort. Ek studinten út Ljouwert sette har yn foar de aksje.

Studinten fan 'Small Business & Retail Management' fan hegeskoalle Stenden oerhannigen in sjek fan 1710 euro. Mar ek minsken út de doarpen binne drok oan it garjen. Sa giene twa buorfroulju út Driezum mei bern en bernsbern yn Driezum en Wâlterswâld mei in kroade by de doarren del. Yn in koart skoft tiid sammelen se sa'n 30 doazen mei produkten foar de Voedselbankaksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)