Friezen foar sinne-enerzjy

24 sep 2010 - 14:26

Friezen ha folle mear subsydzje-oanfragen yntsjinne foar sinne-enerzjy as ynwenners fan de rest fan it lân. Lanlik hat ien op de 1000 ynwenners in fergoeding frege, yn Fryslân is dat mear as twa kear safolle. Lang net alle oanfragen wurde honoreard, want dêr is net genôch jild foar.

De provinsje wol dat oer 5 jier 50 Megawatt stroom opwekt wurdt mei sinne-enerzjy. Dy doelstelling is noch net helle. Dat komt ûnder oare omdat der mar in bytsje jild beskikber is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)