Friezen ferwûne by ûngelok A1

02 nov 2013 - 13:10
  • Ien toeringcar bedarre troch ûnbekende oarsaak tsjin de fangrail
  • Der kamen gau in soad helpferlieners nei it plak fan it ûngelok
  • By it ûngelok wiene trije touringcars belutsen
  • Trije bussen rekken earnstich skansearre by it ûngelok

De A1 by Muiden is sneontemiddei ôfsletten nei in ûngelok mei trije touringcars. Yn dy bussen sieten meiwurkers fan soarchynstelling De Friese Wouden en harren partners, dy't foar harren personielsreiske ûnderweis wiene nei de musical Sister Act yn Skeveningen.

Helptsjinsten binne mei in soad materiaal nei it plak fan it ûngelok gien, ûnder oare mei twa traumahelikopters. Neffens de plysje binne sa'n 25 minsken ferwûne rekke. Guon fan harren binne nei it sikehûs brocht. It ûngelok barde by ôfrit Muiden-Oost.

Der wiene 360 meiwurkers fan De Friese Wouden en harren partners ûnderweis nei Skeveningen mei seis bussen fan ûnder oare De Jong Tours út Damwâld en Veenstra út Bûtenpost. By it ûngelok binne yn alle gefallen trije autobussen belutsen. De earste bus moast remje, wêrnei't de twadde bus op de earste botste en de tredde bus op de twadde. De trije oare bussen koene op 'e tiid remje en hiene gjin skea.

De Friese Wouden sil sa gau mooglik mear ynformaasje oer it ûngelok op harren website publisearje. De ferwûnen wurde mooglik opheind yn it kalamiteitehospitaal yn Utrecht, ûnderdiel fan it UMC. It needhospitaal wie krekt dwaande mei in oefening, Dy oefening is stopset om slachtoffers fan it busûngelok opheine te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)