Friezen fertrouwe de buorlju

23 sep 2013 - 12:26

Seis op de tsien Friezen wol him mear ynsette foar de leefberens yn de buert. Dat is ien fan de útkomsten fan in ûndersyk nei mienskipssin yn Fryslân, dat útfierd is yn opdracht fan it nije Omrop Fryslân tv-programma Bynt en EenVandaag. Mear as 80% fan de tûzen ûnderfrege minsken fynt belutsenheid by de buert wichtich. Trijekwart hat seker ien kear yn de wike kontakt mei de buorlju, en ien op de trije hat in kaai fan buorlju.

Ek ha Friezen betrouwen yn inoar. Goed 80% tinkt dat de buorlju har nei it sikehûs bringt as der wat bart.

Mear oer it ûndersyk moandeitejûn yn de alderearste útstjoering fan Bynt op Omrop Fryslân TV om healwei sânen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)