Friezen fertrouwe bank net

04 nov 2013 - 13:51

Mar leafst 95% fan de Friezen fynt dat de Rabobank útbetelle bonussen fan har meiwurkers weromfoarderje moat. Dat docht bliken út it Opinypanel-ûndersyk fan EénVandaag. Boppedat moatte de meiwurkers dy't belutsen binne by de libor-fraude strafrjochterlik ferfolge wurde, sa fynt 94%.

Op de fraach oft de Fryske panelleden noch fertrouwen hawwe yn har bank, joech 71 prosint nee as antwurd. Ek yn de tasichthâlders fan banken hat trijekwart fan de Friezen gjin fertrouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)