Friezen falle bûten top 10 op earste dei Tour de France

04 jul 2015 - 17:50
  • Bauke Mollema ûnderweis yn Utrecht
  • Pieter Weening yn de tiidrit yn Utrecht

De Fryske hurdfytsers binne by de earste etappe fan de Tour de France yn Utrecht allegearre bûten de top 10 fallen. De winst yn de tiidrit oer 13,8 kilometer gong nei de Australiër Rohan Dennis, dy't in tiid fan 14.56 minuten delsette.

Bêste Fries wie Bauke Mollema fan Ljouwert. Hy klokte 15.33 en waard dêrmei 14e. Lieuwe Westra fan De Tynje einige mei 15.41 minuten as 27e. Pieter Weening fan De Harkema sette in tiid del fan 16.03 en waard 66e. Bêste Nederlanner wie Tom Dumoulin op it fjirde plak

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)