Friezen dogge mei oan Dakarrace by it Riwald Dakar Team

16 jan 2015 - 09:55
  • Frachtwein yn Dakarrally

Allard Tadema fan Eastermar sit yn Argentinië, dêr't syn team meidocht oan de Dakarrace. Ek Meindert Postma is derby. Beide Friezen binne monteur by it Riwald Dakar Team. De race is in wedstriid foar auto's, frachtweinen, quads en motoaren troch de woestyn yn Súd-Amearika.

It Riwald Dakar Team stiet, mei noch twa races te gean, op it 25ste plak. Dat is neffens Tadema in goed plak, om't se mei dit team foar it earst meidogge. Ferline wike hat de Fries it drok hân, doe mankearde in soad oan de rallyfrachtwein. Sneon is de lêste racedei.

Moandei fleane Tadema en Postma werom nei Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)