Friezen dogge it goed op DruMa

28 okt 2001 - 00:00

De Fryske DruMa ferienings hawwe sneon op de nasjonale kampioenskippen yn It Swol goed prestearre. By de Malletbands skoarde yn de 2e divyzje de band Vigoroso/De Bazuin út Driesum/Oentsjerk it heechst tal punten en waard kampioen.

De drumfanfare fan Menaam kaam ek út yn de twadde divyzje en wûn de earste priis mei lof fan de sjuery. Malletband Oranje fan Dokkum waard earste yn divyzje 1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)