Friezen dogge folle faker melding fan diskriminaasje

21 mrt 2016 - 13:45

It tal meldings fan diskriminaasje is ferline jier bot tanaam. Dat docht bliken út sifers yn de Monitor Diskriminaasje dy't moandei presintearre is. De monitor jout dit jier foar it earst in kombinaasje fan de gegevens fan de trije noardlike provinsjes.

Hûdskleur en ôfkomst is mei 40% fierwei de wichtichste diskriminaasjegrûn, mar ek de sterke taname yn seksueel-relatearre meldings falt op. Mooglik komt dat troch de wize wêrop't saken troch de plysje registrearre wurde: Dêr wurdt no skerper sjoen oft diskriminaasje ek in rol spile hat.

Yn 2015 hiene fjouwer meldings te krijen mei diskriminaasje fanwegen de Fryske taal. Besjoch de diskriminaasjemonitor

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)