Friezen bouwe mei oan oven

08 jun 2007 - 10:12
  • Der wiene protesten, mar de bou giet wol troch

Twa Fryske bedriuwen dogge in wichtich part fan 'e nije ôffaloven by Harns. It giet om Jorritsma út Boalsert en Nagelhout út Bakhuzen. De Fryske gemeenten joegen koartlyn tastimming foar de bou. Dy is ek al Europeesk oanbestege.

De Fryske bedriuwen wurkje gear mei GTI Noord yn Roden. Se dogge benammen de gebouwen en de ôffalkranen. It giet om 25 oant en mei 30 prosint fan de totale bou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)