Friezen bêste aaismiters op WK

27 jun 2011 - 11:46

Andries Smink en Willem Rienstra fan Makkum binne wrâldkampioen aaismiten wurden. Yn it Ingelske plak Swaton fersloegen de manlju alle oare dielnimmers. En dêr wiene ek de favorite Ingelsen by.

De omstannichheden wiene dreech, it wie hiel waarm. De Makkumers slaggen der dochs yn om de aaien oer grutte ôfstân oer te smiten. Ien aai waard sels oer mear as 50 meter smiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)