Friezen besoarge om sinteraasje

08 jun 2006 - 09:19

Sechstich persint fan de Friezen tinkt betelproblemen te krijen. Dat soe komme troch de hegere kosten fan de soarchfersekering en de enerzjy. Dat docht bliken út in jierliks ûndersyk nei betelgedrach troch de gerjochtsdoarwarders yn Nederlân.

Op oare fronten sjogge de Friezen it ek tsjuster yn. Mar 16 persint fan de ûndersochten tinkt dat syn húshâldynkommen de kommende twa jier grutter wurde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)