Friezen aktyf by Alpe d'HuZes

05 jun 2014 - 12:03
  • De fytsploech fan Doejowili
  • Alpe d'Huez

Tûzenen fanatike fytsers binne tongersdeitemoarn fan start gong by de Alpe d'HuZes om jild yn te sammeljen yn de striid tsjin kanker. Ien fan dy dielnimmers is Petronella Jousma út Jorwert. Tegearre mei har broer Sjoerd Pieter en seis freonen sil se mei team Doejowili twa kear de legendaryske berch beklimme foar it goede doel. De Stichting Doejowili hat al ferskate aksjes hâlden om jild yn te sammeljen.

Oanlieding foar de aksjes is it ferstjerren fan de mem fan Petronella oan kanker yn maaie 2013.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)