FrieslandCampina wol klimaatneutraal produsearje

08 sep 2015 - 15:52
  • It haadkantoar fan FrieslandCampina yn Amersfoort

Suvelkonsern FrieslandCampina wol yn de takomst sa sunich mooglik omgean mei enerzjy. It konsern hat dêrom in oerienkomst sletten mei in bedriuw dat dêr yn spesjalisearre is, Bilfinger Efficiency.

Uteinlik wol FrieslandCampina klimaatneutraal produsearje. Om safier te kommen wurdt no ynearsten ynset op enerzjybesparjen op fyftjin produksjelokaasjes yn Nederlân en dêrbûten. Neffens Bilfinger is dit ien fan de grutste opdrachten dy't ea jûn is yn de foedingsmiddele-yndustry, as it giet om suniger omgean mei enerzjy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)