FrieslandCampina slút fabryk

07 maaie 2009 - 22:02

It Ljouwerter fabryk fan FrieslandCampina nimt in part fan de produksje fan in oare fêstiging oer. It bedriuw slút yn juny 2010 it fabryk yn Oud Gastel. Dêrtroch ferdwine 105 banen.

De produksje wurdt troch oare fêstigings oernaam. Yn Oud Gastel wurde rjemme, iismiks, kofjemolke en folfette tsiis makke. De produksje fan kofjemolke yn kartonferpakking giet nei Ljouwert. Dat levert yn Fryslân gjin ekstra banen op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)