FrieslandCampina nei NijSeelân

11 jul 2013 - 08:02
  • FrieslandCampina

FrieslandCampina ynvestearret yn it Nij Seelânske suvelbedriuw Synlait. FrieslandCampina hat in belang fan 7,5 persint yn it bedriuw naam. Synlait ferwurket de molke fan 155 Nij Seelânske molkfeehâlders ta grûnstoffen foar de libbensmiddele-yndustry. Beide bedriuwen wurkje al langer gear.

Troch de ynvestearring fan FrieslandCampina kin Synlait fierder groeie, sa sil der in nije fabryk boud wurde. Synlait is fiif jier lyn oprjochte en krijt letter dizze moanne in beursnotearing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)