FrieslandCampina komt mei suvelprodukten foar senioaren

02 apr 2015 - 12:15
  • FrieslandCampina

Suvelkonsern FrieslandCampina wol de kommende jierren groeie troch produkten te ûntwikkeljen foar spesifike doelgroepen. It giet dan bygelyks om suvel foar senioaren of bern. Dêr sitte spesjale fiedingsstoffen yn. FrieslandCampina rekkenet op in groei fan sa'n 2 prosint it jier.

Troch de ein fan it molkkwotum meie boeren no safolle molke oanleverje as se wolle. FrieslandCampina ferwachtet dêrom goed 15 prosint mear molke ferwurkje te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)