Friesland wint Midwintercup

09 jan 2010 - 20:24

De sealfuotballers fan Friesland ha foar de twadde kear op rige de Midwintercup wûn. Yn de finale yn sporthal de Trije yn Frjentsjer wûnen se mei mar leafst 6-2 fan Avanti. Friesland spilet gewoanwei yn de earste divyzje, twa nivo's leger as Avanti dat yn de topdivyzje spilet.

By de froulju wie it in spesjale dei foar Be Quick Dokkum. Sawol de seal- as de fjildploech helle de finale. De fjildploech wûn mei 2-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)