Friesland Vleesmasines te keap

27 apr 2009 - 16:47
  • It kompleks fan Friesland Vlees yn Ljouwert

Yn 'e gebouwen fan Friesland Vlees yn Ljouwert sil nea wer slachte wurde. De nije eigner fan de slachterij set alle masines te keap. Op in feiling op ynternet kinne keapers biede op 157 apparaten. Dêrtroch is de kâns nul dat der noch in slachterij oan de Snekertrekwei komt.

Eigner Baia Beheer út Nijkerk is dwaande om in nije bestimming te finen foar de grûn. In bod fan 3,6 miljoen euro fan it Deenske fleisbedriuw Skare wie te leech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)