Friesland Vaart yn Earnewâld

23 jun 2002 - 00:00

De 300 dielnimmers oan it wettersportevenemint Friesland Vaart binne snein fan Ljouwert nei Earnewâld fearn. It grutte ponton, mei dêrop de skoarstien, kaam oan it begjin fan de middei oan.

Krekt as yn in soad oare plakken oan de rûte waard der yn Earnewâld fan alles organisearre. Sneintemiddei wie der op fjouwer plakken toaniel. Sneintejûn wie der in grut jazz en blues festival.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)