Friesland Lease wint priis

21 nov 2013 - 20:21
  • Elektryske Nissan-leaf

Friesland Lease hat tongersdei de Gouden Gazelle Award fan it Finansjeel Deiblêd wûn. Dizze awards binne foar bedriuwen dy't ynnovatyf binne en groeie. Friesland Lease ferhiert elektryske auto's, scooters en saneamde e-bikes en giet dit jier op in rekôromset ôf.

It bedriuw út Drachten wûn de priis yn de kategory grutte bedriuwen. Yn de middelste kategory krige Body & Fit fan It Hearrenfean de Gouden Gazelle en by de lytse bedriuwen waard Combistralen Holding út Frjentsjer de winner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)