'Friesland Huur' de bêste

14 nov 2012 - 21:17
  • Friesland Huur is beste ferhierder

Friesland Huur yn Drachten is útroppen ta bêste autoferhierder fan 2012-2013. Dat is woansdei bekend makke op it jierkongres fan de Bovag Autoferhierbedriuwen yn Swol. Dielnimmers oan it kongres koene in stim útbringe op trije nominearre bedriuwen. Neist Friesland Huur wiene dat Sixt Schiphol en Europcar Den Haag. Friesland Huur krige ek de measte stimmen fan de faksjuery. Neffens dy sjuery is it benammen bysûnder dat it bedriuw him sa ynset foar griengas en elektryske auto's en scooters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)