Friesland Foods ´tsjin Fitna´

23 jun 2008 - 14:24

Friesland_Foods hat yn in advertinsje yn kranten yn Jordaanje ôfstân nommen fan de film Fitna fan Wilders. It bedriuw hopet sa in boycot fan konsuminten yn dat lân foar te kommen. In islamityske organisaasje dêr die koartlyn in boycot-oprop.

Neffens Friesland_Foods giet it om in inisjatyf fan in partner fan it fabryk yn Jordaanje. Yn ´e advertinsje stiet ûnder oare dat it bedriuw de opfetting fan Wilders dat islam gelykstiet oan geweld fersmyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)