Friesland Flyers nimme revâns

18 nov 2011 - 22:39

De Friesland Flyers ha revâns nommen nei it 6-0 ferlies tsjin HYS Den Haach fan ôfrûne woansdei. Freedtejûn waard mei 5-1 wûn fan Tilburg. De Trappers kamen noch wol op foarsprong, mar Bert van den Braak en Wesley Hendriks soargen foar de 2-1 yn de earste perioade. Marcus Pryde wie de iennichste skutter yn de twadde perioade: 3-1. .

Michael Nason en Aleksandr Terjohins joegen yn it lêste bedriuw de oerwinning wat mear glâns. De Flyers bliuwe fiifde yn de tuskenstân

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)