Friesland ferheget preemjes net

06 jun 2003 - 00:00

As iennige soarchfersekerder yn Nederlân docht De Friesland de preemjes net tuskentiids omheech. Foarsitter Feenstra fan de ried fan bestjoer fan De Friesland fynt it net netsjes dat oare soarchfersekerders dat wol dogge.

Begjin dit jier giene de preemjes bot omheech, fanwege in folle lytsere ryksbydrage oan de sikefûnsen. Guon fersekerders ha dêrfan profitearre troch mei lege preemjes nije klanten te lûken en doe de preemjes te ferheechjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)