Friesland College iepenet skoaljier yn provinsjehûs Ljouwert

11 aug 2015 - 17:43
  • website Friesland College

It Friesland College iepenet it nije skoaljier kommende tongersdei yn it provinsjehûs yn Ljouwert. De MBO-skoalle wol dêrmei sjen litte dat se echt de maatskippij opsykje en dat is ek it plan foar de kommende jierren. Se wolle nauwere bannen mei de praktyk.

Foar de ûntwikkeling fan hun pratykrûtes krije se stipe fan de provinsje mei it ynvestearringsprogramma Wurkje foar Fryslân. De provinsje stekt der goed 900.000 euro yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)