Friesland College helpt by organiaasje Night of the Koemarkt

06 mrt 2015 - 16:49
  • Night of the Koemarkt

It Friesland College sil tenei meihelpe by de organisaasje fan it muzykevenemint De Glasblazers Night of the Koemarkt op It Hearrenfean. Studinten fan bygelyks de oplieding ta direksjesekretaresse helpe by it meitsjen fan draaiboeken en it organisearjen fan gearkomsten. Sy regelje ek dat oare opliedings en skoallen fan it Friesland College ynskeakele wurde by de organisaasje. Dan giet it bygelyks om it fersoargjen fan de technyk en de publisiteit.

De Night of the Koemarkt is it grutste fergese muzykevenemint fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)