Friesland Boppe foar Petraeus

10 aug 2009 - 14:30
  • It brief fan befelhawwer Petraeus oan kommissaris Jorritsma
  • Generaal David Petraeus neamt himsels 'son of a Frisian'

De Amerikaanske opperbefelhawwer fan de striidkrachten, generaal David Petraeus, komt net nei de Friesland Day dy't yn septimber yn New York hâlden wurdt. Petraeus is fan Fryske komôf en wie dêrom útnoege.

Yn in brief oan kommissaris Jorritsma skriuwt de generaal dat it him - as de soan fan in Fries - tige spyt dat er net komme kin. Petraeus ûndertekenet syn brief mei in mei de hân skreaun Friesland boppe!

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)