Friesland Boeit nominearre foar priis

21 jan 2016 - 23:13
  • De kubus fan Friesland Boeit

It bedriuw Friesland Boeit is nominearre foar in priis foar jonge ynnovative ûndernimmings fan de HET. De trije inisjatyfnimmers hawwe in mobile romte makke werút je ûntsnappe moatte op basis fan it útfieren fan allegear opdrachten.

Ut de resultaten fan dy test wurdt in soad dúdlik oer de kapasiteiten fan de dielnimmers. Dêrmei kinne sawol wurknimmers as wurkjouwers nijsgjirrige ynformaasje ferkrije oer harren funksjonearjen.

De ûndernimming Friesland Boeit bestjit út Justin van Vliet, Pieter Hoekstra en Jeffrey Meijer. De kubus dy't se bout ha stiet yn de hal fan de NHL.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)