Friesland Bank yn riolearring

03 apr 2008 - 22:13

De Friesland Bank is foar santich prosint eigner wurden fan it bedriuw Van der Valk en De Groot út Poeldijk. Dat bedriuw hâldt him dwaande mei it skjinmeitsjen, ûnderhâlden en ynspektearjen fan rioelen. It bedriuw hat sa'n 300 wurknimmers.

De Friesland Bank ferwachtet mei Van der Valk en De Groot in goeie keap dien te hawwen, omdat der hieltyd mear wurk is yn de riolearring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)