Friesland Bank wol ynvesteare

13 jun 2003 - 00:00

De Friesland Bank wol ekstra ynvesteare yn de noardlike ekonomy. Neffens de bank is dit needsaaklik omdat it net goed giet mei it bedriuwslibben yn Noard-Nederlân.

Foarsitter Offringa fan de rie fan bestjoer sei dat freed by de iepening fan it ferboude haadkantoar fan de bank yn Ljouwert. Direkteur Wellink fan de Nederlânske Bank iepene it gebou. De glêzen koepel is yntusken in opfallende ferskining yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)