Friesland Bank wer sponsor KNKB

28 nov 2003 - 00:00

De Friesland Bank wurdt wer haadsponsor fan it keatsbun KNKB. Dat hat in betroubere bron befêstige. Freed wurdt de nije sponsor nei alle gedachten offisjeel bekendmakke op de algemiene ledegearkomste yn Frjentsjer.

De bank sponsore de keatsers ek al fan 1972 oant 2002. In ferlinging fan dy oerienkomst ketste op it leste momint ôf. Philips is no noch sponsor, dat kontrakt rint noch oant de simmer fan 2005.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)