Friesland Bank-topman fuort

21 apr 2010 - 18:58
  • Robbert Klaasman

Bestjoersfoarsitter Robbert Klaasman fan de Friesland Bank hat woansdei per direkt syn funksje dellein. Persoanlike oerwagings foarmje de grûnslach foar syn beslút, seit de bank. Klaasman hat de bank goed in jier laat.

Hy folge yn april ferline jier Willem Cramer op as bestjoersfoarsitter. Dy stapte nei fjouwer jier op. Ferskil fan ynsicht oer in mooglike fúzje mei oare banken soe de oanlieding foar dy stap west hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)