Friesland Bank nimt Bercoop oer

14 nov 2006 - 08:56

De Friesland Bank wurdt folslein eigner fan Bank Bercoop út Aldeberkeap. De Friesland Bank hie al 45 persint fan de oandielen fan de selsstannige Stellingwerver bank.

Bank Bercoop bliuwt gewoan bestean, mar krijt stipe fan de Friesland Bank, bygelyks as it giet om de bankprodukten, kompjûtersystemen en personiel. It haadkantoar fan Bank Bercoop wurdt ek in regiokantoar fan de Friesland Bank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)