Friesland Bank mooglik nei A'dam

31 mrt 2006 - 09:45

De Friesland Bank ûndersiket de iepening fan in kantoar yn Amsterdam. Dat makke bestjoersfoarsitter Willem Cramer tongersdei yn Oranjewâld bekend by de taljochting op de finansjele resultaten fan de bank.

Dy binne goed, want de nettowinst oer 2005 is mei acht prosint tanommen nei 77 miljoen euro. Dat de bank mear kantoaren bûten Fryslân iepenje wol, is ein ferline jier ek alris sein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)