Friesland Bank lûkt jild oan

18 maaie 2003 - 00:00

De Friesland Bank hat 500 miljoen euro oan kapitaal oanlutsen. De bank wol it jild brûke om de posysje bûten de provinsje sterker te meitsjen. It tal klanten by festigingen yn Assen, Grins, Alkmaar, Zwolle en Enschede wie reden om obligaasjes en oandielen út te jaan.

Foarôfgeand oan de emisje hat de bank tsien haadstêden yn Europa besocht. Mei elkoar dogge 66 belizzers út sechtjin lannen mei oan de transaksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)