Friesland Bank Cup begûn

18 apr 2012 - 21:41
  • KNKB

Woansdeitejûn is úteinset mei in bekertoernoai foar it keatsen. Under de namme Friesland Bank Cup dogge 40 partoeren by de manlju en 15 frouljuspartoeren mei oan de beker. Gewoanwei begjint it keatsen ein april of begjin maaie yn Weidum, mar no dus al oardel wike earder.

Der waard keatst op sân plakken yn in knock-out systeem tusken ferskillende ôfdielings. Ein septimber is de finale yn Dronryp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)