Friesinger wint 1500 meter

28 feb 2004 - 00:00

Anni Friesinger hat freedtejûn yn Thialf nei in duel mei de Amearikaanske Jennifer Rodriguez de 1500 meter wûn. De Dútse hurdrydster kaam ta in tiid fan 1.57,15 en bleau har konkurrinte 0,04 sekonde foar. Friesinger wûn dêrtroch de wrâldbeker, foar Rodriguez.

Renate Groenewold einige as tredde yn dat klassemint. Annamarie Thomas fan Bantegea waard tsiende yn 1.59,27. Dit wykein wurdt yn Thialf op It Hearrenfean de wrâldbeker-finale riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)