Friesinger wint 1500 meter

23 nov 2003 - 00:00

Yn de wedstriid om de wrâldbeker op Thialf is de 1500 meter foar froulju snein wûn troch Anni Friesinger yn 1.58,34. Knap twadde waard Renate Groenewold yn 1.58,71. It tredde plak wie foar Jennifer Rodriguez dy't dêrmei har earste wrâldbekerferlies oprûn.

Twadde Nederlânske waard Marianne Timmer mei in fyfde plak. Annemarie Thomas liet it snein ôfwitte fanwege gryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)