Friesian Show: nij barren yn FEC

10 feb 2004 - 00:00

De Friesian Show is in nij evenemint dat yn novimber twa wiken lang yn it FEC yn Ljouwert plakfynt. De ynternasjonale agraryske show ferfangt Indoor Friesland en de hynstekeuring. It waard hieltyd dreger om jild te finen foar de twa aparte eveneminten.

It earste jier wurdt rekkene op 70.000 besikers. Oer fjouwer jier moatte der sa'n 100.000 minsken komme. Neffens deputearre Bijman is de show wichtich foar de takomst fan it FEC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)