Friese Poort hat tefolle jild

31 mrt 2006 - 09:52

It regionale opliedingsintrum Friese Poort hat tefolle jild op de bank stean. Dat konkludeart de Algemene Onderwijsbond, de Aob, nei oanlieding fan in eigen ûndersyk.

It bûn fynt dat ROC's en hegeskoallen it mienskipsjild dat sy krije, brûke moatte foar it ûnderwiis ynstee fan it op de bank te setten. Bygelyks om it ûnderwiis te ferbetterjen en de wurkdruk te ferleegjen. ROC Friese Poort beskikt oer sa'n 20 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)