Friese Poort en Vripack wurkje gear yn 'The Brewery'

13 apr 2016 - 21:11
  • Untwerp nije boaten Doeksen

Ynnovaasje troch jonge studinten; dêr is it Snitser jachtboubedriuw Vripack nei op syk. Yn gearwurking mei ROC Friese Poort wol Vripack it leartrajekt 'The Brewery' brûke as kreative tinktank. Der wurdt neitocht oer koartere trochrintiid en kwaliteitsferbettering yn de maritime yndustry. Oant no ta ha acht studinten yn twa projekten by Vripack wurke.

Neffens Bart Bouwhuis fan Vripack is de gearwurking no al in súkses. Hy tinkt der oan om op ien fan de nije ideeën in patint oan te freegjen.

De studinten dy't meidogge oan it projekt sitte yn it earste jier fan de oplieding skip- en jachtboukunde oan de Friese Poort yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)