Friese Meren snijt 5.5 miljoen

08 mrt 2012 - 12:26
  • De Fryske Marren

De trije gemeenten dy't aanst de nije gemeente Friese Meren foarmje sille, wol 5,5 miljoen besunigje. De gemeenterieden binne al ynformearre oer de foarstellen en moatte der yn july oer beslute.

Fiif en in heal miljoen liket in grut bedrach, mar troch goed gear te wurkjen, kin dat bedrach noch mei 2,3 miljoen euro nei ûnderen.

Fierder wurdt der noch in miljoen euro frijspile foar nij belied. Der stean no besunigings op papier foar maatskiplike foarsjennings lykas doarpshuzen, it ûnderhâld fan it iepenbier grien en subsidearre ynstellings lykas de biblioteek. Tagelyk moatte de ynkomsten omheech. Dat lêste kin bygelyks troch de grêfrjochten te ferheegjen of troch sportferienings mear betelje te litten foar it brûken fan fjilden of sporthallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)