Friese Land wint koart pleit

19 sep 2007 - 17:03
  • Het Friese Land hâldt wurk foar thússoargers

Het Friese Land behâldt dochs in part fan de thússoarch yn it noard-westen fan Fryslân. It giet om de gemeenten Harns, Flylân en Skylge. Het Friese Land hat in koart pleit oer de oanbesteging fan de thússoarch wûn.

Earder hie Palet de thússoarch tawiisd krigen. Omdat Palet diel út makket fan in gruttere organisaasje en ûnder meardere petten ynskreaun hat, fynt de rjochter dat de oanbesteging net earlik ferrûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)