Friese Land soarget goed

01 aug 2001 - 00:00

Het Friese Land hat ferline jier 100.000 oeren mear soarch jûn. De thússoarchorganisaasje hie ekstra jild krigen om de wachtlisten fuort te wurkjen. Dêrtroch koenen struktureel 120 mear personielsleden oan it wurk.

De wervingskampanje mei bekende Friezen, mei Syb van der Ploeg, hat 130 belangstellenden opsmiten. Dizze groep wie benammen foar de fakânsjeperioade.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)