Friese Land giet op yn konsern

27 jun 2014 - 10:58
  • Kuierstôk (argyffoto)

Thússoarchorganisaasje Het Friese Land giet op 1 jannewaris takom jier op yn konsern Zorgpartners Friesland. Dêr sitte sikehuzen MCL en de Tsjongerskâns yn, en soarchorganisaasje Noorderbreedte dy't fjirtjin âldereintehuzen en thússoarch hat.

Het Friese Land tinkt mei de fúzje de takomst better oan te kinnen. Beide partijen wurkje no al op tal fan gebieten gear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)